• 11 t/m 13 oktober
  • 20:15
  • Cultureel
  • Heerenveen Centrum
  • Tryater

Tryater spilet Wat jo wolle – Op syk nei de ideale teaterjûn

Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: op syk nei de ideale teaterjûn! Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Nynke Heeg en Ali Zijlstra sette noch mear as oars alles yn it wurk om it publyk it nei it sin te meitsjen. Oan de hân fan in enkête – it demokratysk prinsipe fan ‘t gelyk fan de mearderheid folgjend – kin it publyk foarôf oanjaan wat it graach sjen wol. De ultime romantyske leafdessêne, in klucht mei doarren, in oade oan Fryslân of eksperiminteel spektakel; wat jo wolle!

Ynspirearre troch alle opfettingen en ideeën fan it publyk sykje de fjouwer akteurs op in komyske manier nei de yngrediïnten foar de ideale teaterjûn. As út in toverdoaze wurde de sênes delset. En as it oan ús leit, komt dy ferlotting der ek. It wurdt in jûn dêr’t de winsken fan it publyk sintraal steane. Want… ús grutste prestaasje is jim ferdivedaasje. De fraach bliuwt: slagget it om elkenien te jaan wat er wol? NB. Live NL boventiteld, allinnich op 13 oktober!

Tagong: Try-out: 18,50 en premjêre + reguliere foarstelling: 19,50 euro. Tiid: 20:15-22:00 oere.