De Frije Wiken is in prachtich, noch frijwol net ûntdutsen gebiet mei ferskaat oan bosk, heide, wetter en grutte fiersichten.

Jo fine der mûnen, klokhuzen, slûzen, âlde tsjerken, museums dy’t it besjen lije kinne. Yn it gebiet binne in protte rûtes útstippele.

Op de lêste sneon fan septimber is yn Nijehoarne it Flaeijelfeest: in unyk plattelânsbarren yn de foarm fan in dei út it ferline.