Wannear’t jo tinke oan It Hearrenfean, dan tinke jo oan sport. Dat is fansels, want as wy Sven, Epke, Abe of Foppe neame, dan wite jo wa’t wy bedoele. Mar de regio Hearrenfean biedt in protte mear! Jo kinne hjir moai fytse, kuierje, farre, of in besite bringe oan museums of teäter. Of smout winkelje, hearlik ite of genietsje op in terraske. Mei reden wurdt dizze gemeente in Gouden Plak neamd.