In mozayk fan wetter, reid, sompige boskjes en greiden yn it útgroeven fean: De Deelen. In beskerme gebiet mei ynternasjonale útstrieling yn it hert fan Fryslân.

Yn de hjerst en de winter komme dêr tûzenen fan einen en guozzen. Dêrneist hâlde yn dit gebiet tal fan seldsume soarten har ta as de blaustirns, reade reager en de mûzebiter.

Yn De Deelen binne moaie farrûtes en kuierrûtes útset.