Oranjewâld leit tusken de bosken. Steatlike lânhuzen en stylfolle leannen bringe de tiid yn it ûnthâld dat de prinslike famylje hjir tahâlde.

Op it Oranjewoudfestival begjin juny genietsje jo op ferskate lokaasjes fan klassike muzyk yn al har foarmen.

In besite oan Museum Belvedere mei net ûntbrekke. Dêr fine jo byldzjende keunst út Fryslân yn direkte relaasje ta dy út Nederlân en Flaanderen.