It Hearrenfean hat op it gebiet fan sport in wrâldferneamd plak! Thialf, it ridershert fan de wrâld, is it plak dêr’t topsporters it goud sykje en skiednis skriuwe.

It Abe Lenstrastadion, ferneamd nei de Fryske fuotballeginde, is it thúsplak fan sc Heerenveen.

En yn it Epke Zonderlandsintrum foar turnjen wurde talinten oplaat om yn de fuotleasten fan dy Olympysk Kampioen te gean.